Lichem fan fermiste man fûn yn wetter Ljouwert

De plysje hat yn Ljouwert it lichem fûn fan in man dy't al mear as in moanne lang fermist waard. It lichem is oantroffen yn it wetter oan de Snekertrekweg yn Ljouwert. Dat meldt de plysje. Oer de wize wêrop't it lichem fûn is, wol de plysje neat sizze.
Lichem fûn yn wetter Ljouwert
Neffens de plysje is der gjin sprake fan in misdriuw. It ûndersyk is ôfsletten.
Plysjeminsken en frijwilligers wiene begjin maart mei boaten, hûnen en sonarapparatuer op syk yn de grêften fan de stêd.