Basketbalklup Aris hellet Tijme van Dijk werom nei Ljouwert

Basketbalklup Aris Ljouwert hat Tijme van Dijk oanlutsen foar de rest fan it seizoen. Van Dijk (23) kaam earder ek al twa seizoenen út foar Aris. Dat wie fan 2018 oant 2020.
Van Dijk (op de grûn) © Orange Pictures
Aris socht in nije spiler op de guard-posysje, troch lange blessueres by Chad Frazier en Jean-Victor Mukama. Mukama is yntusken fuortgien. Van Dijk kin de earstkommende wedstriid al meidwaan. Dat is tongersdei tsjin The Hague Royals.
Trainer Ferried Naciri is út de skroeven dat Van Dijk wer werom is. "Ik ben erg blij dat we voor de komende weken weer kunnen rekenen op Tijme. Vorig seizoen heeft hij bewezen elke wedstrijd iets extra te kunnen brengen met zijn energie en intensiteit. Dit geeft ons een goeie boost om het seizoen op een positieve noot af te sluiten."