Lêste dei foar fiif skoallen

18 jul 2012 - 21:26

Yn elk gefal fiif Fryske doarpen moatte dizze dagen ôfskied nimme fan har basisskoalle. Dat jildt foar Abbegea, Goaiïngaryp, Ketlik, Sigerswâld en Bontebok. Yn it iene gefal binne der te min learlingen, op oare plakken hawwe de hegere kosten foar in lytse skoalle de trochslach jûn.

Woansdeitemiddei hat Bontebok ôfskied naam fan de skoalle. Dat barde mei in feest yn de skoalle en in resepsje foar de ynwenners. De iepenbiere skoalle fan Bontebok hat krekt gjin 90 jier bestien.

De skoalle is, njonken it doarpshûs, de lêste mienskiplike foarsjenning yn it doarp. Foar it personiel fan de skoalle is yntusken oar wurk fûn.

Trefwurden: 
skoalle Bontebok sluting
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)