LDODK ferliest beslissend duel mei 22-17: genadeklap fan Fortuna

Nei ferlies yn it earste en winst yn it twadde play-off-duel tsjin Fortuna hat LDODK yn Delft it tredde beslissende duel mei 22-17 ferlern. Dêrtroch is de stân yn de beste-fan-3 searje no 2-1 yn it foardiel fan Fortuna en giet dy ploech troch nei de heale finale.
Erwin Zwart

LDODK iepenet sterk

Yn de earste helte spile LDODK mei in soad enerzjy en sette Fortuna yn eigen hal mei de rêch tsjin de muorrre. Nei 2-2 stienen de Friezen konstant op foarsprong. Benammen de froulju wienen tûk. Marlou Kuiper skoarde fjouwer kear en soarge foar in 5-9 foarsprong. Yn de ferdigening wie André Zwart sterk en en Julian Frieswijk pakte in soad rebounds. By it skoft stie LDODK foar mei 7-10 en lânskampioen Fortuna wie oanslein.
Coach Henk Jan Mulder fan LDODK

Ommekear troch ynternasjonal

Daan Preuninger, spiler fan it Nederlânsk team, kaam hielendal los yn de twadde helte. Foar it skoft skeat hy noch 0 út 17 kânsen, nei de pauze makke hy it ferskil mei leafst 8 treffers. By LDODK streamden de krêften langsum fuort, en de ploech fan Henk Jan Mulder moast yn de efterfolging. Oant 15-15 koenen de Gordyksters bybliuwe.
Femke Faber brocht 3 minuten foar tiid noch ien kear de spanning werom (19-17) mar 'man-of-the-match' Preuninger makke mei twa treffers in ein oan it mearke foar de Friezen. "Teloarsteld en grutsk", dat wiene de wurden fan Henk Jan Mulder, dy't syn lêste sealwedstriid coachte foar LDODK. Hy haldt nei dit seizoen op.

Kompliminten foar de Friezen

Fortuna liet witte ûnder de yndruk te wêzen fan it spul fan it jonge team út Fryslân. Se moasten djip gean om de winst oer de streek te lûken. Neffens trainer/coach Ard Korporaal kin LDODK takom seizoen oanheakje by de top fan de Kuorbal League. Dat moat dan barre ûnder lieding fan Diko Dik, dy't Mulder opfolget.
Fortuna spilet no yn de heale finale tsjin KZ út Koog aan de Zaan. De oare heale finale giet tusken PKC út Papendrecht en TOP út Sassenheim.
© Orange Pictures