NK Tegelwip-derby tusken Ljouwert-Grins: nei earste dei stiet Ljouwert foar

30 mrt 2021 - 21:29

Fan tiisdei ôf nimt Ljouwert it op tsjin Grins yn it lanlike 'NK Tegelwippen': in wedstriid dy't ûnder oare troch it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat opset is. Doel fan de striid: safolle mooglik tegels ferfange troch planten om de gemeente in stikje griener te meitsjen. Fan 30 maart oant 30 septimber moatte der ferskate aksjes organisearre wurde. Grins hat Ljouwert útdage foar in derby, mar stiet nei de earste dei wol efter mei it tal wipte tegels de ynwenner.

NK Tegelwippen - Foto: NK Tegelwippen

Alle ynwenners fan in gemeente kinne harren oantal wipte tegels en in bewiisfoto opstjoere fia de webside fan it NK Tegelwippen. Ek bedriuwen en ferieningen kinne meidwaan. Troch te fergrienen wurde stêden klimaatbestindiger makke.

Ljouwert fersus Grins

Foar de striid wurdt de TPI-telling (tegels per inwoner) brûkt: it tal tegels de ynwenner. Dat docht de organisaasje om it sa earlik mooglik te spyljen. Foar Grins stiet de TPI tiisdeitejûn op 0.597, foar Ljouwert op 0.621. Dat makket dat Ljouwert op it fjirde plak stiet en Grins op it fyfde. Yn Grins binne der mear tegels wipt as yn Ljouwert: 139 tjin 77. Mar omrekkene nei it tal ynwenners docht Ljouwert it noch better.

Foto: NK Tegelwippen
Trefwurden: 
Ljouwert Grins NK Tegelwippen
(Advertinsje)
(Advertinsje)