Noardwestlik part fan Ljouwerter binnenstêd wurdt 'autolij'

It noardwestlik part fan de binnenstêd fan Ljouwert wurdt fan 't simmer autolij. Auto's, brommers en motors meie dan net samar mear oer bygelyks De Wortelhaven, Eewal en Gouverneursplein ride. Neffens de gemeente stiet it grutste part fan de ûndernimmers en bewenners efter it plan. Sy kinne trouwens wol mei de auto nei har saak of hûs. En dat jildt ek foar bygelyks ambulânsen, brânwachtauto's, plysjeweinen en taksys.
It Gouverneursplein © Omrop Fryslân
Der komme spesjale tiden foar auto's dy't lade en losse moatte. In part fan de binnenstêd fan Ljouwert is no ek al allinne berikber foar bestimmingsferkear.