Kraan oer Tersoalster feart: woansdei wurdt opnij besocht it te bergjen

30 mrt 2021 - 20:40

Sûnt moandei leit der in teleskoopkraan oer in feart njonken de Grienedyk by Tersoal. It giet om in kraan fan Kielstra Kraanverhuur, dy't efter in buorkerij dwaande wie mei wurksumheden doe't de stimpels ûnder de kraan yn de grûn weisakken. De earm fan de kraan leit folslein oer it wetter. Trije kranen hawwe tiisdei besocht de oare kraan fan it plak te krijen, mar dat is noch net slagge.

Foto: CAMJO media

Jan Spoelstra

Der rekke moandei net ien ferwûne by it omfallen fan de kraan, mar it gefaarte leit der dus noch wol. Woansdei wurdt opnij besocht om de kraan fan it plak te krijen. Neffens direkteur Jan Spoelstra sil Kielstra dat dwaan mei in grutter type kraan as dat tiisdei brûkt is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)