Sinneskyn en smoardrok yn Ljouwerter Prinsetún: "Ik wie der oan ta, just nei dy corona-ellinde"

30 mrt 2021 - 20:13

It like tiisdei wol de earste dei fan de fakânsje, sa drok wie it yn Ljouwert mei minsken dy't fan it moaie waar genieten. De earste boatsjes leine op it wetter, jongelju flanearren troch de binnenstêd en yn de Prinsetún hongen grutte kloften minsken byinoar. Coronaproof barde dat lang net altyd, mar der waard ek net op hanthavene. Ien fan de sinneskynrekreanten sei: "Ik wie der wol oan ta, just nei al dy ellinde mei corona. Dan wolle je der ek wer efkes út."

De Prinsetún yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

In soad minsken lykje mei it moaie maitiidswaar de coronaregels efkes te ferjitten. Der waard lykwols ek net yngrepen.

In pear jonge froulju leine mei in flesse rosee yn de sinneskyn. "Heerlijk toch, hier hebben we lang op gewacht. Lekker. Ik vind het met dit weer extra lekker, nu hoef je niet de hele tijd opgesloten te zitten in je kamer. Dit is zo wel een mooie uitkomst," seit ien fan harren.

Oan ta

"It is lekker genietsje mei de sinne der by. Ik fyn it de moaiste tiid fan it jier. Hjir binne wy allegear wol efkes oan ta tocht ik," seit in man. In oar is drok oan it wrotten mei syn boat. "Ik sil in rûntsje Prinsetún farre. Noch efkes twa dagen genietsje, it kin no noch. De Bonkefeart efkes oer, lekker út de wyn: noflik."

In soad minsken sjogge út nei woansdei, as it begjin fan de jûnsklok in oere ferskoot nei 22.00 oere. Sa ek ien fan de froulju yn Ljouwert: "Het is wel vervelend dat je rekening moet houden met de avondklok, maar so far so good. Niets te klagen verder, ik ben nog gezond."

Ferslachjouwer Willem de Vries makke in rûntsje troch Ljouwert

(Advertinsje)
(Advertinsje)