Huzeferkeap lûkt net oan

18 jul 2012 - 20:20

De prizen foar wenhuzen binne yn Fryslân flink mear sakke as yn de rest fan it lân. Dat docht bliken út sifers fan it Kadaster oer it earste healjier fan 2012. Yn Fryslân kostet in hûs gemiddeld 186.000 euro. Dat is 3,0 persint minder as ferline jier. Lanlik is de priis fan in keaphûs mei mar 2 persint sakke.

Ek it tal ferkochte huzen leit noch altyd leech. Yn de earste 6 moanne fan dit jier wiene dat 1966, dat is 7 persint minder as yn deselde perioade fan ferline jier. Lanlik is it tal ferkeapen just wat tanommen.

Fierder is der yn Nederlân net ien provinsje dêr't de ferkeapen sa bot tebekrûn binne as hjir.

Trefwurden: 
prizen huzeferkeap kadaster
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)