Ljouwert ferdielt 2 miljoen coronastipe oer kultuersektor

31 mrt 2021 - 17:00

Der giet twa miljoen euro coronastipe nei de kulturele sektor yn de gemeente Ljouwert. It is ûnderdiel fan in breder coronastipepakket fan goed 13 miljoen euro fan it Ryk bedoeld foar de gemeente. Oant no ta hawwe it benammen de grutte kulturele ynstellingen west dy't stipe krigen, mar it jild dat der no oankomt is ek foar de lytsere organisaasjes en zzp'ers.

Ljouwert ferdielt 2 miljoen coronastipe oer kultuersektor

Sa giet der 2,5 ton nei makkers om der foar te soargjen dat der wer mear dynamyk yn de stêd komt, sa lit wethâlder Hein Kuiken witte. "De grotere instellingen hebben 2020 nog best goed kunnen afwikkelen. Dit pakket voorziet ook kleine gezelschappen en ZZP'ers", aldus Kuiken. Fierder giet der noch 1,5 ton nei de amateurkeunst lykas korpsen en ferieningen. In grut part fan it jild is foar it opfangen fan skea by ynstellingen.

Wethâlder Hein Kuiken fan Ljouwert

'Installation de Feu' fan Compagnie Carabosse yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Skeptysk

It is foar it earst dat der spesifike coronastipe komt foar selstannigen yn de kultuer yn de gemeente Ljouwert. En dat is bot nedich: in soad selstannigen yn de sektor fiele harren net sjoen. Hillebrand Rijpma wurket yn de kultuer, hy is bliid mei it nijs, mar ek noch wol wat skeptysk. As produsint waard hy benammen in soad ynhierd troch festivals, mar dat is allegearre fuortfallen. Hy hat noch wol in bytsje wurk, mar it hâldt net oer.

"Ik ben bang dat er weer veel mensen buiten de boot gaan vallen. Want de sector bestaat niet alleen uit makers, maar ook uit veel mensen erom heen die alles faciliteren, hier val ik ook onder", sa fertelt Rijpma. "En die zullen niet met een concreet plan komen om subsidie aan te vragen, dus dat betekent dat ze nog steeds afhankelijk blijven van mensen die wel geld hebben om ze in te huren." Yn april wurdt de nije regeling iepensteld en kin elk in plan yntsjinje.

Hillebrand Rijpma, ZZP'er yn de kultuer

Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

Net allinnich jild

Liselot Jaspers Focks hat yn opdracht fan de gemeente Ljouwert ûndersyk dien nei ZZP'ers yn de kultuer. Hjirút komt nei foaren dat in soad minsken steane te springen om wer oan it wurk te gean. En dat de stipe dy't se graach wolle net allinnich mar bestiet út finansjele kompensaasje. "We zien ook dat er een grote vraag is naar educatie. Dat varieert van het professioneel verder ontwikkelen in je vakgebied tot het je verder ontwikkelen als ondernemer. Bijvoorbeeld het maken van een goede website of het meer willen weten van marketing."

Liselot Jaspers Focks, ûndersiker

Coronastipe Ryk

De gemeente Ljouwert hat yn totaal 13,3 miljoen euro coronastipe krigen fan it Ryk foar allegearre sektoaren, wêrûnder de twa miljoen foar kultuer dus. Oare stipe is bedoeld om minsken rapper oan it wurk te helpen, in needfûns foar maatskiplike organisaasjes en it MKB. It gemeentebestjoer hat no in útwurke plan makke hoe it jild krekt te ferdielen. De gemeenteried moat der ynkoarten in klap op jaan.

(Advertinsje)
(Advertinsje)