Earste stap yn fúzje bestjoeren kristlik ûnderwiis Noardeast-Fryslân

30 mrt 2021 - 18:53

Yn Dokkum is de earste stap set nei in fúzje fan de bestjoeren fan ferskate kristlike middelbere skoallen. It giet om it Dockinga College, it Lauwers College, CSG Liudger, praktykskoalle PRO Dokkum Praktijkonderwijs en Inspecteur Boelensschool op Skiermûntseach. De bestjoerders hawwe dêrfoar tiisdei in yntinsjeferklearring tekene.

Bestjoersfoarsitter Joop Vogel fan CSG Liudger leit út dat it echt giet om in fúzje fan it bestjoer en net de skoallen. "We proberen de scholen in stand te houden, daar willen we een goede toekomst voor verzekeren. Er komt geen scholenfusie, maar wel op bestuurlijk vlak zoeken we samenwerking om tot versterking te komen van het onderwijs. Er moet nog wat onderzoek en rapportage gedaan worden, bijvoorbeeld naar de financiën van de scholen. Als dat klaar is hopen we op 1 januari groen licht te geven."

Krimp

Neffens Vogel giet it by de fúzje net om in kostebesparring fanwege de befolkingskrimp yn it gebiet. "Kostenbesparing is niet het doel op zich, al kan dat het wel gaan betekenen. We willen elkaar versterken en van elkaar leren. Er zit veel innovatiekracht in onze scholen, als we die bundelen maken we het voor de leerlingen beter. We worden allemaal met krimp geconfronteerd, maar het is niet zo dat we daardoor scholen moeten sluiten." It tal learlingen rint de kommende jierren wol werom, leit Vogel út. "Maar we verwachten niet zoveel afname dat we maatregelen moeten nemen."

Bestjoersfoarsitter Joop Vogel fan CSG Liudger

Foto: RTV NOF, Ben de Jager
(Advertinsje)
(Advertinsje)