Provinsje lûkt jild út foar proef mei boublokken út ôffal

30 mrt 2021 - 18:29

Fleksibel boumateriaal meitsje út ôffal: dat is de ambysje fan it Ljouwerter bedriuw KNN Cellulose. De provinsje Fryslân stipet de proefopstelling fan it projekt Recell mei 96.000 euro subsydzje, de Europeeske Kommisje sels mei 337.000 euro. Neffens deputearre Sander de Rouwe hawwe grutte Fryske boubedriuwen as Van Wijnen en Dijkstra Draaisma no al waarme belangstelling foar it projekt.

It Provinsjehûs fan Fryslân yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It proeffabrykje yn Ljouwert kin gruttere en lytsere boubedriuwen yn de takomst helpe om in stik 'sirkulêrder' te wurkjen. Neffens deputearre De Rouwe is soks ek wol nedich yn de bousektor: "As der ien sektor is dy't nedich sirkulêrder wurde moat, dan is it de bou, want de bou hellet noch in hiel soad materiaal út de natuer. Dat is op lange termyn net fol te hâlden. As we hjir yn Fryslân in stap foarút dwaan kinne troch boublokken te meitsjen fan fezels út ôffal, dan is dat net allinnich foar Fryslân, mar foar hiel Europa fan belang."

De deputearre makket sels graach de ferliking mei de legoblokken dêr't syn bern mei boartsje: basis-boumateriaal dat je op útinoarrinnende wizen brûke kinne.

Tsien minsken oan it wurk

KNN Celloluse BV sil yn earste ynstânsje sa'n tsien minsken oannimme foar it meitsjen, ûntwikkeljen en testen fan de boublokken út ôffal. Sander de Rouwe fynt Fryslân hiel geskikt foar in proef mei sirkulêr boumateriaal. "De boubedriuwen hjir skoare no al goed op duorsumens. Wy hoege harren net mear te oertsjûgjen."

Sander de Rouwe oer bouwe mei ôffal

(Advertinsje)
(Advertinsje)