Mear Friezen mei bûtenlânske woartels: ferskaat yn provinsje

30 mrt 2021 - 18:12

Hieltyd mear Friezen hawwe woartels yn it bûtenlân, om't sy der berne binne of harren âlden út in oar lân kamen. Yn 2020 gie it om sa'n 67.000 Friezen en dus sa'n 10 persint fan de Fryske befolking, dat hat it Fries Sociaal Planbureau útsocht foar de Monitor Bevolking. It tal ynwenners mei sa'n 'migraasje-eftergrûn' is yn de ôfrûne tsien jier hast mei in kwart tanaam.

Foto: Shutterstock.com (Rawpixel.com)

As je it ferlykje mei oare provinsjes, falt it oandiel ynwenners mei in migraasje-eftergrûn lykwols ta. Mar it nimt wol ta. "Oer hiel Nederlân sjoen hat 24 persint in migraasje-eftergrûn. Yn Noard- en Súd-Hollân hat hast in tredde part fan de befolking in migraasje-eftergrûn, mar mei Drinte is Fryslân de provinsje mei it leechste oandiel," seit ûndersiker Wilma de Vries.

Meast Dútsk

De measte minsken komme út Dútslân wei: "Dy wenje in soad yn de wettergemeenten, op de eilannen en oan de kust." Dêrnei folget Yndonezië: "Dan giet it faak om minsken dy't hjir al lang wenje. Mar ek Surinaamske en Antilliaanske minsken en noch frij resint Syriërs." Yn Fryslân is sa'n bytsje de helte fan de ynwenners mei in migraasje-eftergrûn fan westerske en de oare helte fan net-westerske komôf.

De lêste jierren kamen er ek nije migrantegroepen nei ús provinsje: bygelyks arbeidsmigranten út it easten fan Europa. Sa is der yn gemeente Waadhoeke túnbou, dêr't in soad minsken út Poalen yn wurkje. Mar der binne ek minsken as flechtlingen kaam út Syrië, Irak en Eritreä. Syriërs foarmje no yn omfang de fjirde migrantegroep yn Fryslân.

18 persint fan de Ljouwerters

"De measte minsken mei in migraasje-êftergrûn wenje yn Ljouwert: it giet om hast 18 persint fan de Ljouwerters," seit De Vries. Dêrby giet it ek om studinten. Mar ek de gruttere wurkgelegenheid yn gruttere plakken lûkt minsken oan.

Dat de gearstalling fan de Fryske befolking stadichoan mear ferskaat krijt, hat neffens it Fries Sociaal Planbureau ek gefolgen. De Vries: "Je wolle de minsken meidwaan litte oan de mienskip. Oan in ynklusive mienskip. Somtiden hawwe minsken dy't hjir frjemd binne dêr wat ekstra help by nedich."

Undersiker Wilma de Vries fan it Fries Sociaal Planbureau

(Advertinsje)
(Advertinsje)