Provinsje yn heger berop oer feestâl Ie: "Wy wolle dúdlikens"

30 mrt 2021 - 17:38

De provinsje Fryslân giet yn heger berop yn de saak fan de nije stâl foar 90 kij yn Ie. De bestjoersrjochter ferneatige earder it beslút fan de provinsje om mei te wurkjen oan in nije rinstâl fan it maatskip Keegstra. Buertbewenners en in miljeu-organisaasje makken beswier by de rjochtbank en waarden yn it gelyk steld. Omdat dizze útspraak grutte gefolgen hawwe kin foar de hiele sektor giet de provinsje no yn heger berop.

Foto: Shutterstock.com (Toa55)

"It is in saak dy't it hiele lân rekket, dus wy moatte der wol goed út komme. Wy dogge it yn 'e mande mei de ministearjes fan LNV en fan ynfrastruktuer en wettersteat en mei it IPO, dus de provinsjes. Sa hoopje wy dochs in goed ferwar te krijen op de punten dy't de rjochter ôfwiisd hat. It is fan nasjonaal belang om hjir dúdlikheid oer te krijen," seit deputearre Klaas Fokkinga.

Dúdlikens

De útspraak fan de rjochter kin gefolgen hawwe foar oare gefallen, jout hy oan. "Dêrom wolle wy no witte hoe't wy yn oare gefallen fierder moatte. In soad minsken sitte no wol yn noed: sy binne mei ynnovative saken dwaande, mar kin it wol? Dat moat helder wurde."

Omdat de saak no op 'e nij wer ûnder de rjochter is woe Fokkinga ynhâldlik noch net fierder op de saak yngean. "Wy freegje it earst pro forma oan, dus wy moatte tiid hawwe om it goed ta te rieden. Dêrnei wurdt bepaald wannear't de saak hâlden wurde kin."

Deputearre Klaas Fokkinga

(Advertinsje)
(Advertinsje)