Faksinearje bliuwt minskewurk, mar yn Dokkum en Snits meitsje se stappen

In part fan de minsken yn de risikogroepen wachtet ûngeduldich op syn prik. Dat der noch hieltyd fan alles feroaret oangeande it faksinearjen is ek yn Frylân te merken. Yn Dokkum wurket GGD Fryslân hurd oan in nije priklokaasje yn sporthal de Trimmer. En by soarchlokaasje HJEM yn Snits binne se bliid dat sy - nettsjinsteande in bytsje fertraging - dan einlings oan bar binne.
Nij faksinaasjeplak yn Dokkum
De ferwachting is dat der alle dagen sa'n 350 oant 400 minsken in prik krije kinne yn Dokkum. "Wy kinne eins al begjinne, de tarieding is klear en de minsken binne der om it wurk te dwaan," seit Jan Arendz fan de GGD. "Mar wy binne wol ôfhinklik fan de faksins en de ferdieling dêrfan. Dat is in lanlik ferhaal, dêr kinne wy neat oan feroarje. It ynkeapjen duorret langer as ferwachte en somtiden binne faksins net levere. Wy sitte no yn de groep 70-75, dy minsken hawwe in brief krigen om in ôfspraak te meitsjen."

Betizing mei faksinaasje

Yn Snits rûn it krekt wat minder soepel, om't der betizing wie oer de faksinaasje fan bewenners fan HJEM. Martine Sieperda fan de wengroep: "Oare hawwe net iens troch dat sy der ien krije. It giet om minsken mei in ferstanlike beheining, guon hawwe ek in autistyske beheining dêrnjonken. Dus it hat wol wat om 'e hakken."
De lokaasje hearde oan it begjin fan it jier dat de kliïnten yn febrewaris in prik krije koene. "Mar hoe en wat wisten wy net. Oant wy in telefoantsje krigen fan in húsdokter. Dy moatte der ek foar soargje dat de minsken fan de soarchynstellingen op de list komme. Wy hawwe hjir sân ferskate dokters foar ús minsken, dus dy hawwe wy allegearre opbelle om te freegjen oft ús kliïnten wol op de list stiene. Dat wie net oeral it gefal, dus eltsenien hat wol syn bêst dwaan moatten."

Unfoarsisberens

Mar no is it feest, seit Sieperda. Want lang om let wurde de bewenners faksinearre. "Der komt in húsdokter del. Foar guon is it wol spannend, sa'n prik. It hat wol in soad dien, want der is in tal minsken dat echt net oer ûnfoarsisbere dingen kin. En dat wie de ôfrûne tiid fansels wol sa. Wy hiene ek gjin antwurden, mar der wiene wol in soad fragen. Dus der wie wol stress. Dat de prik no komt, betsjut wol rêst. It jout in feiliger gefoel. En je witte no dat der oer fjouwer wiken in twadde prik komt. Aanst kinne wy ek frijer wurkje."