Kompromis feangreidegebiet: dit hawwe alle partijen ôfpraat

30 mrt 2021 - 17:21

It tsjingean fan de boaiemdelong en de útstjit fan CO2 dy't dêrby frijkomt, beheind him foarearst ta gebieten mei noch in dikke laach fean dêr't net in dikke laach klaai op leit. Dat is in nij kompromis tusken de boeren, oare belanghawwenden en de belutsen oerheden oer de takomst fan it feangreidegebiet.

De takomst fan it Fryske Feangreidegebiet

Ein ferline jier kamen de provinsje, Wetterskip Fryslân en de belutsen gemeenten mei in plan nei bûten om oer it generaal it wetterpeil omheech te setten nei 40 sintimeter ûnder it meanfjild yn gebieten mei noch in soad fean. Mar maatregels yn oare gebieten mei minder fean waarden net útsletten.

28.000 bunder

Nei in soad reaksjes fan ûngerêste boeren hat eltsenien him fûn yn dit kompromis wêrby't it no noch om 28.000 bunder giet. Yn 2022 wurdt besjoen oft je dêrmei wol de doelstellingen helje as it giet om it beheinen fan de C02-útsjit. Dan kin it wêze dat der wer nei in grutter part fan it feangreidegebiet sjoen wurde moat.

Rûch waar boppe de feangreide - Foto: Omrop Fryslân & Remco de Vries

Der sil fierder net allinnich sjoen wurde nei it wieter meitsjen fan gebieten: ek oare wizen om de boaiem fearkrêftich te meitsjen tsjin it ferdwinen fan it fean wurde no meinaam. Natuerorganisaasjes binne der net bliid mei dat it gebiet dêr't no wat bart lytser wurden is.

Natuerferbettering

De boaiemdelgong soarget al langer foar ferdrûging fan harren gebieten. Der is no wol mear romte yn de plannen om de feangreide-oanpak te kombinearjen mei natuerferbettering, likegoed yn natuergebieten as op boerelân, mei bygelyks greidefûgelbehear.

In eksperimint mei klaai om boaiemdelgong te beheinen - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Der komme noch in oantal ynsprekmominten. Uteinlik is it de bedoeling dat Provinsjale Steaten der ein maaie in beslút oer nimme. Nei de simmer folgje de gemeenten yn it feangreidegebiet.

By it feangreidegebiet giet it rûchwei om in gebiet om de Fryske marren hinne, mei útrinners yn de beekdellingenn. It is 89.000 bunder grut wêrfan't 59.0000 bunder yn gebrûk is by boeren. Dan giet it om sa'n 1.100 bedriuwen dy't mei-inoar foar sa'n 8.000 banen soargje. Mar der sit ek hiele wichtige, Europeesk beskerme natuer lykas Nasjonaal Park De Alde Feanen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)