Nije OG3NE-single 'Dat ben jij' opnaam yn De Harmonie yn Ljouwert

30 mrt 2021 - 17:07

De sussen fan de sjonggroep OG3NE nimme tiisdei de klip foar harren nije single Dat ben jij op yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. De froulju - ûnder oaren bekend fan it Eurovisiesongfestival en The Voice of Holland - keazen foar it teäter fanwege de metamorfoaze dy't De Hamonie koartlyn krige.

Sjonggroep OG3NE yn De Harmonie - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

De grutte sealen fan De Harmonie binne begjin maart yntimer makke, ûnder oare mei planten en oare oanklaaiing. "Er is hier een hele mooie tuinzaal gemaakt in de stadsschouwburg. We willen die zo mooi mogelijk in beeld brengen, dat doen we met onze nieuwe single: Dat ben jij. De match tussen het lied en de omgeving is heel mooi, dus daarom zijn we hier aan het filmen," leit ien fan de sjongsters út.

Licht en tear ferske

"Het is een heel licht en teder liedje. Er zitten veel elementen van de natuur in, daarom past het ook zo mooi in deze setting hier," seit in oare sus. "Het is het tweede liedje dat we zelf schreven, daarom is het wel extra spannend. Het is een liedje waarmee we een groot vraagstuk van het leven bezingen op een mooie manier. We hebben in een huisje midden in de natuur meerdere liedjes geschreven, daar is dit er eentje van."

Wol in 'hele lange autoreis' nedich

Dêr wie út Noard-Brabân wei wol in 'hele lange autoreis' foar nedich, mar: "We hebben het er zeker voor over." Foar de froulju wie it ek noch in ferrassing hoe't de sealen der krekt út sjen soene. "Maar er is ons veel moois over verteld. Dat is helemaal waar," seit ien fan de sussen. "We komen hier altijd met onze theatertours, dus de zalen zijn ons normaliter bekend. Voor nu is het heel bijzonder om dit te doen, ook om de prachtige zaal te laten zien aan iedereen op een bijzondere manier."

Ferslachjouwer Willem de Vries mei de sussen fan OG3NE

Oktober werom yn Ljouwert

De bedoeling is dat OG3NE yn oktober mei in show werom komt yn De Harmonie. "We zijn nog aan het schuiven met de oude tour, die we een aantal keer hebben moeten verzetten. En we zijn ook bezig met nieuwe ideeën. Dus het is allemaal nog onzeker wat we kunnen doen en wat niet. Maar voor nu staat 8 oktober in de planning om hier op te treden. Het wordt sowieso een toffe show."

Foar no is it foar de sussen al noflik om überhaupt wer ris yn in teäter te wêzen. "Ook al is het zonder publiek. Toch even dat gevoel terug. Want het is toch bijna een jaar geleden dat we in een theater hebben gestaan. Het is fijn om weer even terug te zijn."

Frédéric Tonnon fan De Harmonie

Foto: Foto: MajankaFotografie
Trefwurden: 
Ljouwert De Harmonie OG3NE
(Advertinsje)
(Advertinsje)