Te min promoasje kongres WTC

Te min promoasje by de start hat it WTC Expo in soad klanten koste yn it nije gearkomste- en kongressintrum. Dat sintrum is tagelyk mei it nije WTC hotel iepengien yn septimber 2009. It ôfrûne seizoen lutsen de kongressen en gearkomsten yn it WTC sawat 40.000 besikers, mar dat soene der wol 80.000 wurde moatte.
Kongressen, gearkomsten en beurzen moatte op termyn mei-inoar mooglik wol in miljoen besikers lûke. Ofrûne seizoen is de teller útkaam op 800.000 besikers. Foar 2012-2013 steane der twa nije konsumintebeurzen pland.
Wat foar beurzen dat binne, wurdt noch stilhâlden, omdat de kontrakten noch net tekene binne.
De direksje is net ûntefreden oer it besikersoantal fan 800.000. Dat is aardich gelyk oan oare jierren. Grutste groeier wie de beurs Vrouw! mei 20 persint mear belangstellenden. Teloarstellend wie it tal besikers by Boot Holland. Yn de perioade fan de beurs wie it prachtich waar om te reedriden. De grutste beurzen fan it ôfrûne seizoen wiene de Caravana en de beurs Huis & Tuin, mei respektyflik 56.000 en 32.000 besikers.
It WTC Expo hat besifere dat de beurzen yn Ljouwert foar de regio 28 miljoen euro opsmite.