Operaasje Fryske flagge: Sonja krijt yn Nepal wolris besite fan in oaljefant yn 'e tún

Alle lannen op ierde hawwe in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Om dêr feroaring yn te bringen, hat Omrop Fryslân Operaasje Fryske Flagge betocht. De Fryske flagge moat yn de list fan emoji's komme, mar dat slagget ús net allinnich. Dêrom kinne Friezen om utens harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse. Dizze wike Sonja Rusticus yn Nepal, flakby in soart Jungle Book-eftige omjouwing.
Sonja Rusticus yn Nepal © Eigen foto
Harkje nei Sonja Rusticus út Nepal wei
Sonja is sa'n tsien jier lyn op reis gien en bedarre yn Bardiya. Mei in gids hat se it gebiet kennen leard. Dy gids soe mei har op syk nei de wylde bisten yn in park. "Ik ging met hem de jungle in. Maar die wilde dieren komen niet altijd opdagen. Toen gebeurde er wat anders en raakten de vlinders in mijn buik. En ook in die van hem. Zo is de liefde ontstaan in de jungle." Sonja is doe hingjen bleaun yn Nepal en de gids is har man wurden.
Sûnt 2014 ha Sonja en har man in gasthûs. Dêr ûntfange se fakânsjegongers en fersoargje se aktiviteiten de bergen yn, mar ek yn it nasjonale park fan Bardiya en yn de safary. Altyd mei begelieding, want de wylde bisten binne net samar te betrouwen. Yn it gasthûs ha se fiif keamers, foar yn totaal tolve minsken. Sonja docht de marketing, sosjale media, boekingen en finânsjes. Har man is mear fan de bûtentochten.
Ik werd 's avonds wakker, ik dacht: wat is dit? Wat hoor ik hier?
Der stie samar in oaljefant by Sonja yn de tún
Se wenje op sa'n fiif minuten fan it park en se sjogge út op de rys- en weetfjilden. "In het park leven tijgers, olifanten, neushoorns, apen en prachtige vogels." Yn bepaalde perioaden yn it jier komt der ek wolris in oaljefant út it park en dy stiet dan yn de tún fan ien yn it doarp. Dat is Sonja ek wolris oerkaam. "Er is wel een soort hek om een deel van het park, maar daar batst de olifant dwars doorheen. In oktober werd ik 's avonds wakker, ik dacht: wat is dit? Wat hoor ik hier? Toen stond er een grote olifant naast het raam! Ik bleef in m'n kamer en heb m'n man erop af gestuurd. Hij weet hoe hij ermee om moet gaan."

Alle jierren werom nei Fryslân

Alle jierren komt Sonja nei Fryslân, se bliuwt hjir dan seis wiken. Se sjocht dan har famylje wer, giet even nei Skylge en even nei Ljouwert. Dat docht se altyd yn de simmer. Dy perioade reint it yn Nepal in soad en komme der hast gjin fakânsjegongers nei Bardiya. Fanwege it coronafirus moast se foarich jier har reis nei Nederlân in kear oerslaan, se hopet dat it dit jier wol trochgean kin. "Het is hartstikke fijn om je familie en vrienden weer te zien en even door Leeuwarden te fietsen of over het strand te lopen. Ik zie er wel naar uit om over een aantal maanden weer naar Nederland te gaan. Dus ik hoop dat alles snel weer een beetje versoepeld wordt."
Mei Operaasje Fryske Flagge sammelet Omrop Fryslân foto's fan Friezen om utens fan oer de hiele wrâld, om sa sjen te litten hoe ynternasjonaal de Fryske flagge is. It ultime doel: foarinoar krije dat der in Fryske flagge-emoji komt.
Meidwaan? Stjoer dyn foto yn fia de Operaasje Fryske Flagge-side. Alle wiken belje we yn ús radioprogramma De middei fan Fryslân mei in Fries om utens.
Al mear as 200 ynstjoeringen binne op de kaart pleatst.