Waadfûns stekt jild yn karakteristike buorkerijen yn Waadregio

30 mrt 2021 - 16:05

It Waadfûns stelt goed 2,5 miljoen euro subsydzje beskikber foar fjouwer nije projekten op it mêd fan akwakultuer en kultuerhistoarysk erfgoed. In part fan it jild is bedoel foar it behâld fan karakteristike buorkerijen yn de Waadregio.

Ien fan de buorkerijen dy't meidogge oan it projekt - Foto: Wieringer Eilandmuseum Jan Lont, foto Kenneth Stamp

De buorkerijen binne wichtige kultuerhistoaryske en lânskiplike eleminten yn de streek, fynt it Waadfûns. Se wurde sjoen as ikoanen fan de plattelânskultuer. De buorkerijstichtingen fan Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân wolle tusken de njoggen en tolve buorkerijen in nije funksje jaan. Dat kinne dan bêd-en-brochjes wurde, of soarchbuorkerijen.

De stichtingen stypje de eigeners by it feroarjen nei de nije funksje. Sa krije se help by de feroaringen oan de buorkerij, dat dy goed yn it lânskip passe. En ek by it werombringen fan it enerzjyferbrûk krije de eigeners stipe.

Untfangst en foarljochting

Alle buorkerijen krije ek in ûntfangstromte en digitale middels om lokaasje foarljochting te jaan oer it projekt. Sa komt der in peal oan de dyk foar fytsers en kuierders. En der wurde promoasjefilmkes en in reizgjende eksposysje makke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)