Noed by RIVM oer groei coronabesmettingen: "Dit giet de ferkearde kant op"

30 mrt 2021 - 15:17

Der binne de ôfrûne 24 oeren 174 nije coronabesmettingen by kaam yn Fryslân. Dat hat it RIVM bekend makke. It binne 39 minder as moandei. Doe wiene it der 213. De ôfrûne wike binne der gemiddeld alle dagen 249 nije besmettingen by kaam.

It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):

De measte nije besmettingen binne meld yn de gemeenten Súdwest-Fryslân (38) en Ljouwert (28).

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren twa stjergefallen meld as gefolch fan it coronafirus. Dat giet om ynwenners fan de gemeenten Ljouwert en Waadhoeke.

Mear minsken yn it sikehûs

Der wienen fjouwer nije sikehûsopnamen yn ús provinsje. Dat giet om ynwenners fan Súdwest-Fryslân (2), De Fryske Marren en Smellingerlân. By de lêste update fan it Acute Zorgnetwerk Noord-Nederland, tiisdeitemoarn, leine der yn totaal 80 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen.

It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):

"It giet de ferkearde kant op"

Lanlik binne tiisdei 5.909 nije coronagefallen registrearre. De ôfrûne wike binne yn hiel Nederlân hast 52.000 minsken posityf test. "Dit gaat de verkeerde kant op", sizze se by it RIVM.

Wat it sûnensynstitút oanbelanget steane "alle wijzers in het rood". It tal coronabesmettingen yn Nederlân is de ôfrûne wike mei 13 prosint tanaam. Yn Fryslân is de groei yn dyselde perioade sa'n 7,9 prosint.

Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.

Trefwurden: 
RIVM coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)