Werynrjochting De Blesse giet troch: feiliger en doarpsker

30 mrt 2021 - 15:04

De werynrjochting fan De Blesse giet troch. De gemeenteried fan Weststellingwerf hat ynstimd mei de plannen en makket 3,5 miljoen euro frij foar de útfiering. Reden foar de werynrjochting is om it doarp ferkearsfeiliger te meitsjen en in mear 'doarpske' útstrieling te jaan.

De gemeente hat in filmke makke mei it ûntwerp foar de werynrjochting:

De gemeente wurket de plannen no út ta in definityf ûntwerp. Dan is it de bedoeling dat it wurk begjin takom jier úteinsette kin. Pleatslik belang stiet achter de plannen. "Er gaat nu eindelijk iets gebeuren in De Blesse", seit foarsitter Erwin Bosma.

Der komt in soad ferkear oer de Steenwijkerweg, de trochgeande dyk troch it doarp. Ynwenners fan De Blesse wolle al lang dat de beboude kom feiliger wurdt foar fytsers en kuierders.

Net langer wachtsje

Net alle partijen yn de ried wienen it iens mei de ynvestearring. SDW en GrienLinks fine dat oare ferkearsproblemen mear prioriteit ha, lykas de Lemsterweg by Munnikebuorren en de Lycklamaweg yn Wolvegea. Alle oare fraksjes fûnen wol dat de Steenwijkerweg yn De Blesse no oanpakt wurde moat, noch langer wachtsje soe net earlik wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)