Doarpefûns yn Weststellingwerf bliuwt ek takom jier

30 mrt 2021 - 15:02

It Doarpefûns yn Weststellingwerf bliuwt yn elts gefal oant en mei 2022 bestean, dat hat it kolleezje fan de gemeente besletten. Mei it fûns wurde inisjativen fan ynwenners stipe foar de leefberens en libbenens yn de doarpen en wiken. Yn de ôfrûne twa jier is der al goed 620.000 euro ynvestearre yn goed 40 projekten.

De Weerdijk yn Nijeholtwâlde - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Ek krigen pleatslik belangen, wykferieningen en de Vereniging Kleine Dorpen in wurkbudzjet fan sa'n 1.500 oant 2.500 euro. Wol wie it sa dat somtiden net alles ynset wurde koe, om't it coronafirus de boel yn 'e bulten jage.

(Advertinsje)
(Advertinsje)