Man fan Wyns feroardiele ta sel- en wurkstraf foar downloaden berneporno

30 mrt 2021 - 14:47

In 68-jierrige ynwenner fan Wyns is tiisdei feroardiele ta trije moannen sel en in wurkstraf fan 150 oeren foar it downloaden en besitten fan berneporno. Trije jier lyn naam de plysje al twa kompjûters fan de man yn beslach om't der berneporno op stie, mar de man kocht in nije kompjûter en gie troch mei syn downloads. Uteinlik hat er him sels wol by de plysje meld.

Rechtbank Noord-Nederland (RNN) yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

De rjochtbank hat de man ek in alkoholferbod oplein, om't de reklassearring it drinken fan de man as in risikofaktor beskôget. De man is yntusken yn behanneling by de GGZ. Yn totaal hie er mear as 2.300 bestannen op syn kompjûters.

Trefwurden: 
rjochtbank Wyns berneporno
(Advertinsje)
(Advertinsje)