Petysje opset foar behâld lunchroom op Ofslútdyk

30 mrt 2021 - 14:23

De lunchroom yn it monumint op de Ofslútdyk mei net ferdwine. Dat fine mear as 350 minsken dy't in petysje ûndertekenje foar it behâld fan de romte. Dizze wike waard bekend dat der nei 85 jier in ein komt oan de lunchroom.

Foto: NH Nieuws, Jurgen van den Bos

Utbater Alex Terpstra woe wol trochgean, mar Rykswettersteat seit dat it pân net mear oan de hjoeddeistige easken foldocht en dat renovaasje nedich is. De brânfeilichheid is net op oarder en der is gjin needútgong. Op 1 augustus giet de lunchroom ticht.

'Net slute, mar trochgean'

De inisjatyfnimmer fan de petysje om de romte te behâlden is Marion Baumgarten. Sy is ûnder oare toergids yn Amsterdam en omkriten. Neffens Baumgarten is der gjin goede reden om de lunchroom te sluten. "Deze historische lunchroom brengt juist de geschiedenis voor zoveel mensen uit binnen- en buitenland tot leven", seit se. Baumgarten freget Rykswettersteat om it plak net te sluten, mar yn oerlis mei de útbater just troch te gean.

Mei de renovaasje wol Rykswettersteat mear húskes yn it monumint kwyt en de hoarekaromte twa kear sa grut meitsje. Dat dogge se mei op fersyk fan de provinsjes en gemeenten, dy't bydrage oan de útwreiding. "Bij de nieuwe aanbesteding in 2023 kan de huidige uitbater zich opnieuw inschrijven", lit Rykswettersteat witte.

Bylden fan de lunchroom:

(Advertinsje)
(Advertinsje)