Histoarikus jout Kanadezen dy't Wergea befrijden in gesicht

30 mrt 2021 - 13:43

Hoe fiere je yn coronatiid de befrijing? Yn Wergea dogge se dat digitaal, mei in zoommeeting, mei Kanadezen oan de iene kant en Wergeasters oan de oare. Histoarikus en âld-Wergeaster Edwin Meinsma organisearret de online betinking. Hy hat útsocht wa't de helden wienen dy't Wergea 76 jier lyn befrijden.

Ien fan de universal carriers fan de 'reconnaissance troop' ûnder befel fan luitenant Arthur Frederick Harris (17th Duke of Yorks Royal Canadian Hussars), de foto is makke by Aldskou - Foto: Fam. Kuindersma

"Ik las vorig jaar nog wat brieven van m'n opa", fertelt Meinsma. "Hij heeft bij de bevrijding Canadezen leren kennen en hij heeft nog wat jaren met ze gecorrespondeerd. Als je die brieven leest, dan krijgen die Canadezen een gezicht. Dat deed mij realiseren: ik weet eigenlijk niet wie de bevrijders van Wergea waren. Hoe zagen ze eruit? Wie waren ze?"

Luitenant Harris

Meinsma is dus histoarikus en de Twadde Wrâldoarloch hat syn ynteresse. Hy hat him yn dy Kanadezen ferdjippe en besocht om der in gesicht en ferhalen by te finen. "Ik ben begonnen met het doorspitten van Canadese archieven. Dat heb ik gecombineerd met lokale bronnen en dat leidt al vrij snel tot een aantal namen." De namme fan luitenant Harris sprong derút, hy wie echt belutsen by de befrijing fan Wergea. "Over hem was weinig tot niets bekend, maar met hulp vanuit Canada hebben we nu resultaat. We hebben z'n familie kunnen vinden."

In Humber IIIA Scoutcar fan it B Squadron fan de 17th Duke of Yorks Royal Canadian Hussars by Aldskou - Foto: Fam. Kuindersma

Op 10 april wol Meinsma digitaal stilstean by de befrijing fan Wergea. "Dan willen we de resultaten van het historisch onderzoek met elkaar delen. De Canadezen van het regiment van Harris hebben een verhaal voorbereid. En ik vertel vanuit mijn rol iets over het Nederlandse en Friese perspectief. En uiteraard de familie van Harris die erbij aansluit."

Ekstra persoanlik

It is dan wol digitaal, mar dat makket it net minder persoanlik. Neffens Meinsma wurdt it just ekstra spesjaal. "Omdat je met elkaar in gesprek bent. Je wilt het liefst de persoonlijke verhalen van de mensen leren kennen. Dat lukt alleen als je met de mensen in gesprek komt en de verhalen hoort uit hun mond."

(Advertinsje)
(Advertinsje)