Thússittende merkkeaplju lilk dat se dochs steanjild betelje moatte

30 mrt 2021 - 13:16

Merkkeaplju yn de non-foodsektor binne lilk op de Stichting Marktbeheer en de gemeente Ljouwert. De keaplju yn klean, lear en alles wat net iten en drinken is, meie fanwegen de coronamaatregels al moannenlang net mear hannelje, mar se krije wol alle moannen in nota fan Marktbeheer foar it steanjild. Dat fine de merkkeaplju ûnterjochte.

Foto: Omrop Fryslân

Se wolle it leafst sa gau mooglik wer los mei de hannel. No't dat net kin, fine se it net reedlik dat se in nota krije foar in steanplak dat se net brûke meie. "Die nota gaat het liefst retour afzender", seit merkkeapman Danny Shlomo fan Stiens, dy't earder in fêst steanplak hie op de Ljouwerter merk. "Als wij op de markt een product niet aan de klant leveren, maar wel een volledige nota in rekening brengen, wordt dat niet geaccepteerd."

Yn de measte Nederlânske gemeenten wurde merkkeaplju kompensearre foar it net brûken fan harren steanplak. "In Leeuwarden krijgen wij wel een volledige nota", seit Shlomo. "In Heerenveen worden we wel volledig gecompenseerd. Zelfs het eerste kwartaal."

Merkkeapman Danny Shlomo

Danny Shlomo - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Peter Plat, foarsitter fan Stichting Marktbeheer, begrypt Shlomo syn lilkens. "Ik kan niet anders zeggen dan dat hij volkomen gelijk heeft." Neffens him wie de stichting de merkkeaplju al yn 'e mjitte kaam troch gjin stroomkosten foar harren steanplak yn rekken te bringen. De kwestje fan it steanplak is neffens Plat "triest, maar eenvoudig".

Gjin buffer

Ien fan de útgongspunten fan de stichting is nammentlik dat alle ynkomsten te goede komme moatte oan de ûntwikkeling fan de merkhannel. "Dat heeft ertoe geleid dat we in die tien jaar lage tarieven konden rekenen, vergelijkbaar met de gemeente en dus geen commerciële tarieven."

Dat hat der lykwols ek foar soarge dat de stichting gjin finansjele buffer hie. "Toen de pandemie uitbrak, belandde ook de stichting in hetzelfde schuitje als de kooplieden." Folle minder ynkomsten betsjut gjin kompensaasje foar de merkkeaplju.

"Steekhoudende argumenten"

Shlomo wol dat der gau opheldering komt oer de kwestje. "We willen dat de gemeente met steekhoudende argumenten komt waarom wij die nota wel moeten betalen. Dan kunnen we kijken naar een oplossing. Maar tot nu toe zijn die er vrijwel niet."

De Stienzer keapman wol net dat Stichting Marktbeheer mei in betellingsregeling komt, mar mei in strukturele oplossing. "Symbolisch vooral, want daar gaat het in deze tijd om. Een heleboel collega's staat het water tot boven de lippen. En als zij straks ineens 500 tot 1.200 euro moeten betalen, hebben zij een groot probleem."

Stichting Marktbeheer hat ferskate Fryske gemeenten benadere foar help. De antwurden ferskilden bot. "De gemeente Leeuwarden wil pas achteraf kijken hoe groot de schade is en wat ze eraan gaan doen. Daar komt waarschijnlijk wel een redelijke compensatie uit", ferklearret Plat. "Bij Smallingerland hebben we een botte afwijzing gekregen. Zij zeiden letterlijk: we hebben een overeenkomst en daar moet u u aan houden."

Undernimmers moatte yn earste ynstânsje kompensaasje oanfreegje by de oerheid. "Als dat niet lukt, komen wij in beeld. Dat betekent helaas dat er altijd achteraf pas gecompenseerd wordt", seit Plat. It leit dus net yn de hannen fan de stichting. "Ook wij kijken reikhalzend uit naar wanneer de marktkooplui er weer mogen staan, dus wij zullen alles in het werk stellen om een oplossing te vinden."

Peter Plat, foarsitter fan Stichting Marktbeheer

Lijst058 yn de Ljouwerter gemeenteried hat yntusken fragen steld oer de kwestje oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. De partij skriuwt oan b. en w. dat se it 'nuver' fine dat de merkkeaplju betelje moatte foar in steanplak, wylst se dêr gjin gebrûk fan meitsje kinne. Ek binne se fan betinken dat wethâlder Friso Douwstra fan ekonomyske saken sjen moat oft er de merkkeaplju ek temjitte komme kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)