Danny van der Weijde krijt sit yn Steaten no't Romke de Jong yn Twadde Keamer komt

30 mrt 2021 - 13:17

Mei de ferrassend grutte winst fan D66 by de Twadde Keamerferkiezingen rekket de Steatefraksje fan de partij har fraksjefoarsitter Romke de Jong kwyt oan 'Den Haag'. Bea Bijlsma nimt syn rol as fraksjefoarsitter yn de Steaten oer. En de sit dy't frijkomt, giet nei Danny van der Weijde út Lippenhuzen.

Danny van der Weijde - Foto: Eigen foto

De 32-jierrige Van der Weijde is sûnt 2014 aktyf yn de polityk. Earder wie er bestjoerslid by de Jonge Democraten yn Fryslân, de jongereinôfdieling fan D66. Van der Weijde komt út Rotterdam en is grutbrocht yn de Hoeksche Waard. Foar de leafde is er nei Fryslân kaam. Hy wennet mei syn man yn Lippenhuzen, yn deselde gemeente as wêr't Romke de Jong weikomt: Opsterlân.

Duorsume takomst foar jongere generaasjes

"De afgelopen jaren heb ik mij ingezet om jongeren te enthousiasmeren voor de politiek en om bij te dragen aan het bewustzijn dat hun stem telt", seit Van der Weijde. "Nu wil ik met diezelfde energie namens D66 mij inzetten voor een mooie duurzame toekomst voor jongere generaties in Fryslân."

Yn it deistich libben is Van der Weijde ûndernimmer. Hy helpt bedriuwen by de transysje nei duorsum wurkjen. "Ook in de Staten wil ik mij inzetten op het gebied van duurzaamheid, onder andere door het versterken van het innovatieklimaat in Fryslân."

Van der Weijde wurdt ynstallearre op 21 april 2021. Dy dei wurdt ek ôfskied naam fan Romke de Jong. Hy wurdt woansdei ynstallearre yn de Twadde Keamer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)