FNP Achtkarspelen stelt skriftlike fragen oer gaswinning

30 mrt 2021 - 11:52

De FNP-fraksje yn de gemeente Achtkarspelen stelt it kolleezje fan boargemaster en wethâlders skriftlike fragen oer gaswinningsplannen fan Vermilion. It Kanadeeske bedriuw wol de kommende tritich jier by Burgum, yn buorgemeente Tytsjerksteradiel, alve miljard kúb ekstra gas út de grûn helje. Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel binne dêr poer op tsjin en ha al in brief stjoerd oan it ministearje fan Ekonomyske Saken.

Gaswinning fan Vermilion - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Op dit stuit wint Vermilion al gas út in ferskaat oan putten yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Der leit in njoggental putten yn it gebiet om Burgum hinne. It bedriuw hat no by it ministearje fan Ekonomyske Saken in winningsplan yntsjinne. De winning hat gefolgen foar de boaiemdelgong yn it gebiet. Dy delgong wurdt no ynskat op in 20 oant 30 sintimeter.

Advys

De fraksje wol alderearst witte oft it kolleezje fan Achtkarspelen ek om in advys frege is oer it gaswinningsplan en oft it dêr ek in advys oer útbrocht hat of útbringe sil.

It giet om winning út besteande gasfjilden. Dêrnjonken hat Vermilion plannen om nije putten oan te boarjen. De FNP draacht lykwols oan dat dêrfoar neffens it regearakkoart fan de hjoeddeiske demisjonêre regearing gjin fergunnings mear foar ôfjûn wurde. De fraksje wol dêrom witte oft it kolleezje de minister dêr yn syn advys ek op wize sil.

Boaiemdelgong

As gefolch fan de gaswinning wurdt der in grutte ekstra boaiemdelgong ferwachte en wurdt de kâns op swierdere ierdbevingen grutter. De FNP-fraksje wol witte wat it kolleezje fan Achtkarspelen tinkt fan de ekstra risiko's dy't troch de nije gaswinnings ûntsteane foar de minsken en gebouwen yn it gebiet en hoe't de gefolgen fan de ekstra boaiemdelgong foar de wetterhúshâlding yn it gebiet kompensearre wurde.

Ta beslút wol de fraksje antwurd op de fraach hoe't de ynwenners fan it gebiet ynformearre wurde oer en belutsen wurde by de plannen en de mooglike gefolgen fan gaswinning yn it gebiet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)