Fûgelpits krijt kompensaasje foar ynset by fûgelgryp

Fûgelopfangsintrum De Fûgelpits yn Moddergat krijt subsydzje fan it Ryk foar de kosten dy't makke binne by it opromjen fan wylde fûgels dy't deagien binne troch de fûgelgryp. Dat antwurdet minister Schouten op fragen fan de Partij voor de Dieren yn de Twadde Keamer.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
It giet om in subsydzje foar ien kear, seit de minister.
Opfangsintra lykas De Fûgelpits ha normaal sprutsen gjin taak by it bestriden fan de fûgelgryp. Mar se ha dizze kear wol in soad kosten makke, om't der in útsûnderlik soad deade wylde fûgels wiene, dy't sy mei opromme hawwe.