Stellerij yn Ljouwerter steech steurt 'griene striid' tsjin Grins: "Wij winnen altijd"

30 mrt 2021 - 11:08

Mei de stellerij fan in pear planten út in steech yn de binnenstêd fan Ljouwert ha ûnbekenden soarge foar in lytse tebeksetter yn de griene ambysjes fan de gemeente. Wethâlder Bert Wassink leit der lykwols net wekker fan.

Ferslachjouwer Johanna Brinkman mei Bert Wassink by de lege plantebakken

Ljouwert is yn in ludike striid ferwikkele mei de stêd Grins. Under de flagge fan it 'NK Tegelwippen' besykje beide stêden safolle mooglik tegels te ferfangen troch grien. "We komen er steeds meer achter hoe belangrijk groen is," seit wethâlder Bert Wassink. "Voor de beestjes, en voor het klimaat."

Yn oanrin nei it NK wiene der yn in steech yn Ljouwert al in pear bakken mei planten folle, seit de wethâlder. Mar tiisdei die bliken dat dy planten alwer ferdwûn wiene. "Dat is niet de bedoeling." It is net bekend wa't de planten fuorthelle hat. De wethâlder is der net bot fan ûnder de yndruk. "Laten we hopen dat ze een goed plekje krijgen."

Wassink seit dat der nije planten komme. De striid mei Grins wol er winne. "Het is niet de bedoeling dat we alle straatklinkers eruit rossen, maar we willen met de inwoners kijken wat er kan in de stad."

"Als wij ons als Leeuwarden met Groningen vergelijken, dan winnen we altijd, dus dat is makkelijk. Maar het moet nog wel bewezen worden. Mensen moeten laten zien dat ze de tegels uit de tuin hebben gehaald. Ze kunnen foto's insturen. En aan het einde van het jaar zullen we zien dat wij het veel beter hebben gedaan dan de mensen in Groningen."

De wethâlder wennet sels ek yn de stêd. "Ik heb een klein geveltuintje. Er groeit wat bij de muur op, maar veel meer ruimte is er niet." Neffens him is yn de ôfrûne jierren al in protte feroare yn de stêd. Yn de Verlengde Oosterstraat bygelyks. "Een paar jaar terug was hier geen groen te zien. Nu gebeurt er van alles. Als gemeente willen we dit graag stimuleren."

Mei Bert Wassink yn de Verlengde Oosterstraat

(Advertinsje)
(Advertinsje)