Projektgroep foar previnsje wolveskea yn Fryslân

In projektgroep sil him bûge oer de previnsje fan wolveskea yn Fryslân. Deputearre Steaten stimden tiisdei yn mei it ynstellen fan de Projectgroep Preventie Wolvenschade Fryslân (PPWF) mei yngong fan heal april. Yn de PPWF kinne partijen nau mei-inoar yn oerlis oer maatregels om skea troch omswalkjende wolven foar te kommen en bistehâlders, mar ek de Steaten fan advys te foarsjen, bygelyks oer it beskermjen fan bisten lykas skiep en geiten.
© Shutterstock
Fertsjintwurdigers fan LTO Noord (fakgroep skieppehâlderij), de Stichting Beheer Platform kleinschalige schapen- en geitenhouders, Fries Partuculier Grondbezit, terreinbehearende organisaasjes, Vereniging van Friese Gemeenten en Kollektivenberied Fryslân slute oan by de projektgroep, sa wurdt ferwachte, krekt as in skieppehoeder dy't ûnderfining hat mei it nimmen fan previntive maatregels.
Neist advys oer previnsje fan skea, kin de PPWF ek oandacht besteegje oan kennis en foarljochting oer wolven, Deputearre Steaten advisearje oer bysûndere gefallen fan skea, advys jaan oer de finansiering fan winske beskermingsmaatregels en neitinke oer oerlis en ôfstimming as in wolf him yn Fryslân fêstiget.

Fryske pilot

De provinsje Fryslân fasilitearret de PPWF yn it opsetten fan in pilot foar de previnsje fan skea troch omswalkjende wolven, passend binnen wet- en regeljouwing en taspitst op de Fryske situaasje. Dêrby giet it bygelyks om de ynset fan hûnen foar beskerming, it ynrjochtsjen fan beskermjende nachtferbliuwen foar skiep of de ynset fan elektroanika.
De bedoeling is om dêr ambassadeurs en fernijers op it mêd fan wolveprevinsjemaatregels by te beheljen. Nei útwurking leit de projektgroep de pilot oan Deputearre Steaten foar.

Temjittekomming wolveskea

Lanlik is der in Interprovinciaal Wolvenplan, wat foarskriuwt dat der in gebietskommisje komt as der in fêstige wolf yn in provinsje is. Yn Fryslân is dêr noch gjin sprake fan. De kearen dat der ien yn Fryslân wie, gie it om in swalkjende wolf.
It is in beskerme soarte, wat betsjut dat it ferbean is om it bist mei opsetsin te fersteuren, fangen of dea te meitsjen. Dêrom is yn it Interprovinciaal Wolvenplan fêstlein dat der yn alle gefallen oant 1 jannewaris 2022 in folsleine temjittekomming foar wolveskea jûn wurdt.

"Soad soargen"

Yn de ôfrûne trije jier is der yn Fryslân 5.005 (2018), 2.571 (2019) en 1.524,50 (2020) euro betelle oan temjittekommings fan wolveskea. Deputearre Klaas Fokkinga: "Nettsjinsteande dat de hichte fan dizze bedraggen tafalt, fernimme wy dat de Fryske mienskip en Provinsjale Steaten in soad soargen hawwe oer de wolf en freegje om in oanpak. Dêrom roppe wy as provinsje dizze projektgroep yn it libben. As in wolf him yn Fryslân fêstiget, kinne wy dizze projektgroep opskale nei in gebietskommisje."
De projektgroep giet de kommende trije jier oan it wurk. It ynstellen fan de groep kostet 99.000 euro.