Op it stuit 80 coronapasjinten yn Fryske sikehûzen

Der lizze op it stuit tachtich coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen. Dêrfan lizze der 24 op in IC-bêd. Dat meldt it Acute Zorgnetwerk Noord Nederland (AZNN). Der lizze 56 coronapasjinten op in net-IC-bêd.
It AZNN updatet de sikehûssifers twa kear yn 'e wike. Ofrûne freed leine der noch 77 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen: 21 op de IC en 56 dêrbûten. Trije dagen dêrfoar wiene it der 69: 22 op de IC, 47 dêrbûten.
Yn Grinslân lizze der tiisdei 67 coronapasjinten yn it sikehûs, wêrfan 28 op in IC-bêd. Yn Drinte binne dat der 39, wêrfan tsien op in IC-bêd.