Kollum: "De goddelijke tragedie"

30 mrt 2021 - 08:29

"De goddelijke komedie fan Dante Alighieri, in klassyk dichtwurk út it begjin fan de 14e iuw, krijt in nije oersetting. Utjouwer Blossom Books mikt dêrmei op in jonger publyk. Yn De goddelijke komedie giet de haadpersoan del yn de Hel, it ivige ynferno, dêr't er it lot fan ferskillende histoaryske personaazjes oanskôget. De Hel is in groulik plak, dêr't elk krijt wat him takomt. Karma is a bitch, soe hjoed-de-dei sein wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De toan fan Willem Schoorstra

By Dante sit ek de profeet Mohammed yn de Hel. Behalve yn de ferzje fan Blossom Books. Dêr is de profeet samar út de tekst ferdwûn, en alsa ek út de Hel. Yn in reaksje seit de útjouwer dat der oare 'vertaalkeuzes' makke wurden binne. In drol fan in ferklearring, dêr't de strontlucht fan eangst fanôf slacht. Letter stelle se dat se lêzers net ûnnedich kwetse wolle. Moslims, bedoele se dêrmei. Want pausen, joadske hegeprysters en homo's sitte by Blossom noch wol gewoan yn de Hel. Blossom Books past, mei oare wurden, sensuer ta op in tekst fan 700 jier âld.

No kinst sizze: wat kin it skele? Is it just net dikke prima dat in útjouwer ynklusyf besiket oer te setten? Sokke redenaasjes binne lykwols funest. Want it grutte probleem mei sa'n hannelswize is, dat der nei ferrin fan tiid net ien orizjinele, oarspronklike en betroubere tekst út de Aldheid mear oer is. Allinne noch mar werynterpretaasjes fan skriuwers en oersetters dy't in diktaat fan in útjouwer meikrigen ha.

It rare is ek dat net ien út islamityske hoeke hjirom frege hat. De Belgyske aktivist Dyab Abou Jahjah reagearde op Twitter mei de folgjende tekst: 'Weet je wat kwetsend is? Dat men een historisch werk, de Inferno fan Dante, wil misvormen en zijn authentieke versie veranderen om 'niet te kwetsen'. Niemand hoeft dit boek te lezen, hoor! Het is niet de grondwet. Woke meets angst voor Jihadisten. Zwak.' Dêr hat Jahjah de keutel by de skjinne ein. Jihadisten en oare fundamintalisten besykje mei bedrigings en geweld foar te kommen dat de islam en Mohammed bespot wurde.

Wokies dogge dêr noch in skepfol boppe-op. Foar de dúdlikheid: woke betsjut wekker wurde of meitsje foar maatskiplike ûngelikens dy't seksuele of etnyske minderheden treft. De saneamde woke-ideology hat stadichoan in desastreuze ynfloed op keunst, kultuer en maatskippij. Minsken yn de kulturele sektor begjinne oan selssensuer te dwaan.

Filmmakker Erdal Balci bygelyks krijt syn senario, oer in botsing fan kultueren en frouljusemansipaasje, net by it Filmfonds teplak. Dat wol de fingers der net oan baarne, sjoen de mooglik negative ympekt yn tiden fan 'wokereligie en cancelcultuur'. Gewoane, emansipatoire ferhalen wurde dus troch de polityk korrekte legers de grûn ynstampt. It hat derfan dat de woke-ideology de nije Kulturkammer is. Deadlik foar de keunsten en de iepen maatskippij. Behalve in 'goddelijke komedie' is dat benammen in 'goddelijke tragedie'."

(Advertinsje)
(Advertinsje)