Belgyske F-16's ûnderskeppe Russyske fleantugen boppen Noardsee

30 mrt 2021 - 07:54

Twa Belgyske F-16's hawwe moandeitemoarn twa Russyske militêre fleantugen ûnderskept dy't it Nederlânske loftrom boppen de Noardsee naderen. Dat melde Belgyske militêre boarnen.

Foto: Shutterstock.com - VanderWolf Images

De twa strieljagers troffen de Russyske tastellen oan benoarden fan de Nederlânske kust en de Fryske eilannen Skylge en It Amelân. Beide Toepolevs fleagen sûnder transponder en naderen it Nederlânske loftrom. De tastellen setten dêrnei koers nei it Feriene Keninkryk, wêrnei't de F-16's om 12.00 oere hinne werom kearden nei harren basis yn Florennes.

België is op it stuit ferantwurdlik foar de ferdigening fan it loftrom fan de Benelúks.

Trefwurden: 
Ruslân België F-16 fleantúch
(Advertinsje)
(Advertinsje)