Fryske Miljeufederaasje 'ûnoangenaam ferrast' oer ekstra gaswinningsplannen

30 mrt 2021 - 07:20

De Fryske Miljeufederaasje is net bliid mei plannen fan gaswinbedriuw Vermilion om ekstra gas te winnen by Burgum. "Wy binne ûnoangenaam ferrast en skokt", seit Hans van der Werf fan de Fryske Miljeufederaasje. It giet om mear as 11 miljard kúb gas oant 2050.

Gaswinning fan Vermilion yn Aldlemmer oan de Oude Maden - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

It giet om in - foar Fryske begripen - grut plan. Op dit stuit wurdt alle jierren út Fryske gasfjilden twa miljard kúb gas helle. Dat wurdt mei de plannen fan Vermilion dus mear as ferfiiffâldige. "Dit binne hoemannichten dy't wy noch net kenne", ferfolget Van der Werf. It giet om winning út besteande gasfjilden. Dêrnjonken hat Vermilion plannen om nije putten oan te boarjen.

It bedriuw hat no by it ministearje fan Ekonomyske Saken in winningsplan yntsjinne. "Der leit no in plan dat hielendal net iepenbier is, dus dêr wisten wy neat fan. En ik tocht dat wy de gaswinnig oan it ôfbouwen wiene yn Nederlân."

Klimaatakkoart

Ien fan de redenen wêrom't Vermilion syn aktiviteiten útwreidet by Burgum is dat de gaskraan yn Grinslân stadichoan tichtdraaid wurdt. "Dat fyn ik net sa'n sterk argumint", seit Van der Werf. "Dat we de kommende jierren gas nedich hawwe, is logysk. Mar we hawwe in klimaatakkoart dêr't yn stiet dat we fan gaswinning ôf wolle en oerstappe op duorsume enerzjy."

Earder dizze moanne stimde de Twadde Keamer al foar in moasje om net fuort útein te setten mei gasboarrings ûnder de Waadsee. De moasje hâldt yn dat der foarearst gjin gaswinning by Ternaard komt, wat de NAM wol graach wol. Van der Werf: "We hawwe krekt dy diskusje hân en no begjint Vermilion op dit plak mei gaswinning."

Boaiemdelgong

De winning hat gefolgen foar de boaiemdelgong yn it gebiet. Dy delgong wurdt no ynskat op in 20 oant 30 sintimeter. "Dat is foars. Foaral yn in kwetsber gebiet", seit Van der Werf. "Dat krijst ek nea wer werom. It hat ek noch impact op de wetterhúshâlding."

Hokker gefolgen de gasboarrings noch mear hawwe sille, doart Van der Werf net te foarsizzen. "By nije winning moatst de effekten goed ûndersykje. It argumint fan Vermilion is dat se besteande winning opskale, mar do witst net wat de gearhing fan dy winnings docht."

Evaluaasje

De bal leit no by it ministearje fan Ekonomyske Saken. "Wy sille der yn elts gefal foar pleitsje dat der in totale ôfwaging plakfynt en dat alle miljeu-effekten yn byld brocht wurde. En we fine it net mear as fatsoenlik dat de minsken en organisaasjes dêr't it om giet derby belutsen wurde", seit Van der Werf.

De gemeente Tytsjerksteradiel en ek buorgemeente Achtkarspelen binne poer tsjin op de útwreiding fan de gaswingaktiviteiten en ha in brief stjoerd oan it ministearje fan Ekonomyske Saken. Se wolle dan ek dat de minister net ynstimt mei it foarnimmen. Van der Werf: "We hawwe by Ternaard al sjoen: we moatte yn de Twadde Keamer begjinne. Dizze nije regearing sit ek net te wachtsjen op mear gaswinning."

Hans van der Werf fan de Fryske Miljeufederaasje

(Advertinsje)
(Advertinsje)