Turners wer los yn grutte tinte: "Wat ha we dit bot mist"

30 mrt 2021 - 06:48

Turners en turnsters fan de Ljouwerter gymnastykferiening kinne wer los. Sporthallen binne noch ticht fanwege de coronamaatregels, mar dêr ha se yn Ljouwert no in oplossing foar fûn. It jild dat se oars kwyt binne oan bygelyks de hier fan in hal, wurdt no útjûn oan de hier fan in grutte evenemintetinte. "Wat ha we dit bot mist", seit trainer Chantal Vellinga.

Ferslachjouwer Willem de Vries trof in protte entûsjaste minsken by de earste turntraining yn lange tiid

De tinte stiet op it terrein fan camping de Wetterpôle yn Ljouwert. Foarsitter Ynze Haitsma is grutsk. "Hartstikke moai om te sjen dat dy bern wer safolle lol ha. Se ha in skoftke bûten de kondysje wat byholden en wat krêfttraining dien. Mar se komme fansels foar de tastellen."

Tessa is ien fan de turners, se is bliid dat se wer los kin. "Ik heb het wel een beetje gemist. We doen nu niet meteen de heel moeilijke dingen. Eerst weer even rustig opbouwen." Trainster Chantal helpt se dêrby. "It giet bêst goed. Hielendal ast sjochst dat it wol hast in jier lyn is dat se foar it lêst de turntastellen brûke koenen."

'Bootcamp is neat ferlike mei balke of brêge'

It is net sa dat de turners tuskentroch stilsitten ha, fertelt Chantal. "Sa no en dan ha we bûten wol in bootcamp dien. Mar dat is neat ast it ferlikest mei in balke of brêge. It is fantastysk om dit wer te dwaan."

Wêrom kin dit net yn in sporthal, mar wol yn in tinte? "It draait allegear om de fentilaasje", leit foarsitter Haitsma út. "Dat is it alderbelangrykste, de bern moatte net siik wurde. Hjir kinne trije kanten fan de tinte iepen. Dêrom is it eins bûtensporten, mar dan mei in dak deroerhinne."

Alders gunne bern de lol

Hy kin de kommende dagen noch aardich wat drokte ferwachtsje. "We ha 200 oant 250 leden. Dy komme yn de rin fan de wike allegear del. We ha hielendal gjin fragen hân fan de âlders, dy gunne har bern ek wer de lol. Moai in pear kear yn 'e wike hjir wer hinne, dêr ha se echt nocht oan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)