20 jier homohoulik yn Fryslân: measte sluten yn Ljouwert en Harns

Hoe stedsker oft in gemeente is, hoe grutter it oandiel homohouliken yn alle houliken dy't de ôfrûne tweintich jier sluten binne. Ut sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek docht bliken dat foar Fryslân yn Harns en Ljouwert de measte houliken tusken persoanen fan itselde geslacht sluten binne, sûnt de ynfiering fan it homohoulik yn 2001.
© CBS
Op 1 april is it 20 jier lyn dat it earste houlik tusken twa partners fan itselde geslacht sluten waard yn Nederlân. Sûnt dy tiid groeit it oandiel homohouliken yn it totaal tal sluten houliken stadich. Binnen Fryslân binne de ferskillen lykwols grut.
Yn de gemeenten Harns en Ljouwert is by goed 19 op de 1.000 houliken sprake fan in homohoulik. Yn Dantumadiel en Achtkarspelen leit it oandiel folle leger; dêr is respektyflik hast 3 en goed 6 op de 1.000 houliken in homohoulik.

Amsterdam en Biblebelt

Ek lanlik is te sjen dat foaral yn de stedske regio's homohouliken sluten wurde. Yn hiel Nederlân binne 17 op de 1.000 troude stellen fan itselde geslacht. Yn Fryslân komme allinnich de gemeenten Eaststellingwerf (17,2), Weststellingwerf (19,1) en de earder neamde gemeenten Harns en Ljouwert dêr boppeút.
homo-houlik © Shutterstock.com
Lanlik hat de gemeente Amsterdam it heechste oandiel; hjir is 45 op de 1.000 houliken in homohoulik. Yn Biblebelt-gemeenten sa as Barneveld (3,9), Staphorst (3,0) en Bunschoten (3,3) leit it oandiel folle leger. Dantumadiel (2,8), de leechst skoarende gemeente fan ús provinsje, stiet op plak fjouwer fan de ranglist mei de minste homohouliken. Allinnich op Urk, yn Woudenberg en yn Oldebroek leit it oandiel noch leger.

Froulju skiede faker

Yn Nederlân skiede alle jierren sa'n 400 pearen fan itselde geslacht. Froulike stellen geane folle faker útinoar as manlike stellen. Fan de frouljuspearen dy't yn 2010 trouden wie 26 prosint nei tsien jier wer skaat. By de manlju wie dat 14 prosint.
Sabine Frieszo fan COC Friesland