Johan Veenstra eareboarger: "Ik wete zeker da'k vannaacht niet slaopen zal"

29 mrt 2021 - 22:02

Skriuwer Johan Veenstra út Nijeholtpea is troch de gemeenteried fan Weststellingwerf beneamd ta eareboarger fan de gemeente. Veenstra skriuwt al fyftich jier yn it Stellingwarfsk. Hy wie nei it gemeentehûs lokke om de gearkomste ôf te sluten en waard dêr troch boargemaster André van de Nadort oerfallen mei it nijs.

Johan Veenstra is tige wiis mei de beneaming

"Vijftig jaar schrijver. Een taalvirtuoos in het Stellingwerfs, ontroerend, humoristisch, met veel fantasie. Een talent komt pas tot ontwikkeling als je er wat mee doet." Veenstra iepene op 1 maart yn de dialektmoanne de riedsgearkomste en mocht moandei de twadde riedsgearkomste dizze moanne ek mei in eigen beskôging ôfslute. Mar dat wie dus mei in reden.

Beskieden en noflik minske

Van de Nadort sei dat er Veenstra de ôfrûne jierren ek persoanlik kennen leard hat. "Ik heb me kostelijk vermaakt tijdens de verhalen bij bijeenkomsten van nieuwe inwoners", sei de boargemaster. "Een bescheiden en zeer plezierig mens in de omgang. Iemand die zoveel heeft betekend voor de streektaal en deze gemeente kunnen we niet onopgemerkt voorbij laten gaan." Dêrom hie de ried earder al yn in besletten gearkomste besletten om Veenstra ta eareboarger te beneamen.

Veenstra wie folslein ferbjustere, hy fûn it geweldich. Hy hie earder tocht dat 2020 in feestlik jier foar him wurde soe. Dat is troch corona neat wurden, al wûn er yn septimber wol de Rink van der Veldepriis 2020. Dat wie foar it earst dat in boek yn in streektaal dy priis wûn.

Ik was een verlegen kleine jongen vroeger. Hoe hadde ik ooit daenken kund dat ik dit berieken kunnen zol.

Johan Veenstra

"Mar wat een geweldig jaor is dit now al wodden", seit Veenstra. "Ereburger, ik viene dat een enorme eer. Ik was een verlegen kleine jongen vroeger. Hoe hadde ik ooit daenken kund dat ik dit berieken kunnen zol. Et is mooi dat d'r tussen alle foto's in de gangen van et gemientehuus now ok een foto van iene uut de Stellingwarver kultuur hangt. En ik wete zeker da'k vannaacht niet slaopen zal."

Jierren lyn gong Geert van Tuinen op besite by Johan Veenstra:

(Advertinsje)
(Advertinsje)