Moat in boargemaster jookje of dookje tsjin de eigen ynwenners?

29 mrt 2021 - 21:15

Moat in boargemaster 'jo' of 'do' sizze tsjin syn ynwenners? Boargemaster André van de Nadort fan Weststellingwerf skreau yn in brief oan ynwenners sinnen as "Hoe gaat het met jou?" en "Houd je het nog vol?" Riedslid Marlène Postma is it dêr net hielendal mei iens. "Heel veel mensen zijn niet zo blij met de aanspreekvorm die de gemeente bezigt. Dat vinden ze niet zo fijn."

It gemeentehûs fan Weststellingwerf - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It dookjen wie in bewuste kar fan de gemeente. Van de Nadort seit dat er de kleau tusken de gemeente en de ynwenners lytser makket. It is ek mear fan dizze tiid, seit er.

Postma is dêr net sa fan oertsjûge. Se leaut ek net dat it helpt om jongere minsken oan te sprekken. "Onze steunfractie heeft veel jongeren, zij hebben ook niet het gevoel dat dit de kloof verkleint. Vanaf 18 jaar moet het voor iedereen 'u' zijn, dat zeggen zelfs de jongeren."

Yn Amsterdam jookje se ek

Postma seit dat oare gemeenten ek noch jookje. "Noem Amsterdam bijvoorbeeld: daar gebruiken ze de aanspreekvorm 'u' en die willen ze blijven gebruiken."

It riedslid kaam moandeitejûn mei in moasje om wer oer te stappen op de mear formele oansprekfoarm. De rest fan de ried woe it moandei noch net behannelje. Dat wurdt dus net earder as in lettere riedsfergadering.

(Advertinsje)
(Advertinsje)