Opknappen skuorren yn dyk by Munnikebuorren duorret wer langer

29 mrt 2021 - 20:54

It opknappen fan de Lemsterweg yn Munnikebuorren lit noch even op him wachtsje. De dyk leit foar in part op útdrûge feangrûn en der sitte al jierren skuorren yn it stik tusken De Gracht en De Tsjonger. Dat soarget foar gefaarlike situaasjes, benammen foar fytsers.

De Lemsterweg - Foto: Google Street View

It kolleezje kundige yn novimber oan dat it probleem yn de earste helte fan dit jier oanpakt wurde soe, mar dat slagget no net. Dêrom wurdt it nei alle gedachten pas nei de boufak. Dat sei wethâlder Jack Jongbloed moandeitejûn nei fragen fan riedslid Marlène Postma. "Het onderzoek naar de oorzaak van de verzakkingen en de ernst van de situatie duurt langer. We willen een duurzame oplossing. Het kan niet met regulier onderhoud of lapwerk. Dat is geld weggooien. Binnenkort nemen we als college een besluit."

(Advertinsje)
(Advertinsje)