Iepening greidefûgelwalhalla Gruttoland wurdt útsteld

29 mrt 2021 - 20:51

It soe in feestlik barren wurde: de iepening fan Gruttoland op 2 april. De stichting Agrarisch Natuurfonds Fryslân hat in wier skriezewalhalla oanlein by de pleats fan Murk Nijdam yn Wommels. Mar troch corona is de iepening ferskood nei 4 juny.

Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân

Dat de iepening no net trochgean kin, falt flink ôf, seit foarsitter Rendert Algra fan Agrarisch Natuurfonds Fryslân. "Ferline jier koene we de saak net op tiid op oarder krije, mei troch it waar, en dêrnei koene we troch corona neat. No hast foar it twadde jier op rige in selde situaasje."

Fan dizze wike ôf of soe it publyk dêr yn sjochhutten de fûgels yn harren natuerlike omjouwing en habitat observearje kinne, mar fanwegen de coronamaatregels kinne der mar fjouwer minsken yn de hutten wêze. Dêrom meie der foarearst allinnich mar natuerfotografen en lytse groepen komme.

Skriezewalhalla

By de pleats fan Nijdam is in wier walhalla makke foar greidefûgels. "Dêr skuort it op fan de fûgels", fertelt Algra. Trochdat Nijdam al jierren dwaande wie om in goed plak foar de fûgels te meitsjen, sit it der al goed fol. "In pear jier werom siet dêr de grutste tichtens fan skriezen fan Nederlân."

Algra hopet dat de iepening dit jier noch barre kin, mar dat sil wol yn oare foarm moatte. "De iepening sil sa't wy it no besjogge beskieden wêze, je kinne de klok derop lyk sette dat ek yn juny alle coronamaatregels noch net út de wei binne." Earst wie it bedoeling dat alle donateurs, in stik as fiiftûzen, komme soene, mar dat sit der troch de maatregels net yn.

Rendert Algra oer de plannen

(Advertinsje)
(Advertinsje)