'Slûpferkear Noardwâlde soarget foar gefaar', SDW wol dat gemeente wat docht

De riedsfraksje fan SDW (Sociaal Duurzaam Weststellingwerf) wol dat der wat dien wurdt oan it slûpferkear troch de wyk Haenepolle yn Noardwâlde. Neffens riedslid Colinda de Vries smyt it ferkear gefaarlike situaasjes op.
De Haenepolle troch Noardwâlde © Google Street View
De nijbouwyk is de koartste rûte troch Noardwâlde, fan en nei de Hoofdstraat West. Ek lânbouferkear en frachtweinen brûke de wyk dêrom. De Vries seit dat it dus gefaarlike situaasjes opsmyt, omdat der gjin stoepe is lâns de dyk. Minsken dy't der kuierje kinne dus net útwike.
"Het wordt bijna jaarlijks aan de orde gesteld bij plaatselijk belang De Eendracht", seit De Vries. Der is no ek in brief út de wyk stjoerd mei tritich hantekens fan bewenners. "Het is een onverantwoorde situatie, mensen houden zich ook niet aan de snelheid van 30 kilometer per uur."
Wethâlder Jack Jongebloed wol earst ûndersyk dwaan oft de sinjalen wier binne. Dêrnei wol er eventueel sjen nei maatregels.