IFK Jeu de Pelote giet foar it twadde jier op rige net troch

29 mrt 2021 - 19:52

It Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote giet dit jier net troch. It is foar de twadde kear op rige dat it kampioenskip net trochgiet. It komt troch de coronamaatregels.

Enno Kingma yn aksje by it IFK yn 2019 - Foto: Henk Bootsma

It kampioenskip wurdt al jierren hâlden op it plein fan Easterlittens. Ferskate doarpen nimme it tsjinelkoar op. Pelote is in keatsfariant, dy't fierder yn Fryslân net in hiel soad spile wurdt.

Neffens de organisaasje is it net mooglik om derfoar te soargjen dat op it plein elkenien oardel meter by elkoar út de buert bliuwt. En de organisaasje hat der gjin fertrouwen yn dat de oardelmeterregel gau ferdwynt. Se geane derfan út dat it IFK yn 2022 wol trochgean kin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)