FIDEO: "Sa’n jong famke komt my dan fertellen hoe’t it moat", it ferhaal fan Taco

29 mrt 2021 - 19:40

Hoe is it om twongen help ta te litten? Yn de fjirde ôflevering fan Fan binnenút docht Taco syn ferhaal. Hy hat in jier lang jeugdbeskerming oer de flier hân. "It hie myn dochter wêze kinnen en dy komt my dan fertellen hoe't it moat." Jeugdbeskermer Hans fertelt hoe't hy troch foaroardielen hinne moat sadree't er troch de foardoar is. Hy is eins wol foar in 'opvoeddiploma'.

Yn de rige Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben? sjocht programmamakker Miranda Werkman efter de doarren fan it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid. De searje, besteande út acht ôfleveringen, jout in oangripend ynsjoch yn it wurk fan Jeugd- en Gezinsbescherming, Jeugdreclassering en Veilig Thuis Friesland.

De searje Fan binnenút, wa soarget foar in feilich libben? is alle moandeis te sjen op telefyzje om 17.15 oere en wurdt alle healoeren werhelle.

Prate oer wat der te sjen wie yn in ôflevering fan 'Fan binnenút'? Of help nedich? Sjoch by Jeugd- en Gezinsbescherming Friesland.

(Advertinsje)
(Advertinsje)