Glêsfezelkabel troch rioel

18 jul 2012 - 16:33

Tusken Lúkswâld en It Hearrenfean is woansdei in glêsfezelkabel troch it rioel oanlein. It is foar it earst dat dit yn Fryslân dien wurdt. It is in stik goedkeaper om glêsfezelkabels troch besteande rioelbuizen oan te lizzen, om't der net groeven hoecht te wurden. As bliken docht dat dizze technyk goed wurket, wurde yn 'e takomst faker glêsfezelkabels troch it rioel hinne helle.

Trefwurden: 
rioel glêsfezelkabel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)