Muntsjesyl wol net by Grinslân: "Maar misschien zijn we nog wel wat geld waard"

29 mrt 2021 - 19:00

It doarp Muntsjesyl is dit wykein ynnaam troch de Grinslanner gemeente Westerkwartier. Alteast, sa liket it at je it doarp ynride: oer de buorden hinget in doek dêr't opstiet dat 'Munnekezijl' by Westerkwartier heart. In echte 'anneksaasje' troch Grinslân sjogge de bewenners lykwols net sitten.

Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

It doarp stiet de lêste wiken yn de belangstelling, omdat it doarp neat sjocht yn it ferfryskjen fan de namme. "De ene zegt 'Munnekezijl', de ander 'Muntjesyl', het wordt van alles genoemd. Maar we willen op de borden graag 'Munnekezijl' en het Fries eronder", leit foarsitter Jan-Teunis Zuidema fan it pleatslik belang de argewaasje út.

"Wij willen het graag houden zoals het was. Maar dit bord kunnen we niet houden", wiist Zuidema op de fernielde kombuorden. It stekt Muntsjesyl foaral dat der foar oare saken gjin jild frijmakke wurdt. "We wilden ook wat verkeersmaatregelen, daar is geen geld voor."

In anneksaasje troch Grinslân sjocht Zuidema lykwols net sitten. "Het gras is bij de buren altijd groener, daar zal vast ook wat zijn. Maar misschien zijn we nog wel wat geld waard. Of jullie zijn blij dat jullie ons kwijt zijn", laket Zuidema.

Ferslachjouwer Willem de Vries yn petear mei Jan-Teunis Zuidema

"Vroeger was dit Groningerland, toen het kanaal gegraven is heeft Fryslân dit stuk erbij gekregen", leit ien fan de bewenners fan Muntsjesyl út. Troch de jierren hinne ferskoot de grins hieltyd mear nei de Grinzer kant. "We moeten nog tot aan Zuidhorn toe", laket er.

In oare bewenner hat net safolle mei de diskusje. "Ze willen het houden zoals het is. Prima zo", merkt se op. In anneksaasje sjocht se dan ek net sitten. "Mooi bij Fryslân blijven."

Wolkom yn Grinslân

In bewenner fan it Grinzer Lauwerzijl soe Muntsjesyl wol by Grinslân ha wolle. "Ja zeker wel, het is een mooi dorpje, een beetje zoals hier. Dat zou wel passen."

Ferslachjouwer Willem de Vries yn petear mei bewenners

(Advertinsje)
(Advertinsje)