Van den Belt lit rebûlje efter him: "Wil komende drie jaar doorgaan"

29 mrt 2021 - 18:30

Der hat it lêste healjier in soad te dwaan west oer Gerald van den Belt, direkteur by SC Cambuur. De bestjoerlike ûnrêst kaam yn novimber nei bûten, doe't Van den Belt oanjoech op te stappen as Ype Smid foardroegen wurde soe as nije foarsitter fan de ried fan kommissarissen. Sa fier kaam it net. Yn de SportCast reagearret Van den Belt foar it earst op de rebûlje yn de bestjoerskeamer en fertelt er ek oer it nije stadion, dêr't er him fanút de klup mei bemuoit.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

De rêst liket werom te wêzen binnen de Ljouwerter bestjoerskeamer, mar dat wie in healjier lyn wol oars. Van den Belt drige yn novimber mei opstappen, mar neffens de Cambuur-direkteur wie dat folle stelliger en hie er yn septimber it beslút al naam fuort te gean by de klup. Oarsaak dêrfan wie it beslút fan it stichtingsbestjoer om, tsjin de winsk fan de direksje, Ype Smid foar te dragen.

De karre lûke

Doe't de earefoarsitter fan de klup dêrop werom kaam, feroare de saak ek foar Van den Belt. Hy wol no trochsette en mei syn hjoeddeistige kollega's nei it nije stadion ta wurkje. "Ik vind dat we een groep mensen op de club hebben, die de kar trekken. Ik zou graag met die groep mensen de komende drie jaar doorgaan. We hebben twee jaar geleden al uitgesproken, dat we met deze ploeg naar het nieuwe stadion toe willen."

Ik denk dat we goud in handen hebben als club met goede mensen die elkaar vertrouwen en bewezen hebben dat ze het kunnen.

Finansjeel direkteur Gerald van den Belt

Wol binne dêrfoar in oantal saken fan belang foar Van den Belt. "Dat moet in een setting met mensen die elkaar vertrouwen. Ik denk dat we goud in handen hebben als club met goede mensen die elkaar vertrouwen en bewezen hebben dat ze het kunnen." Hoe sjocht hy nei de rol fan Smid? "Ype past daar wel bij, maar in de rol als erevoorzitter."

Henk de Jong langer by Cambuur

Trainer Henk de Jong hat in kontrakt dat noch in jier trochrint, mar de Drachtster makket him op foar kontraktferlinging. Op de fraach oan Van den Belt oft dat in formaliteit is, is de direkteur dúdlik: "Ja."

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje we ek oare ûnderwerpen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)