FNP oan nije kabinet: gjin nije fergunnings ôfjaan foar gaswinning festelân

29 mrt 2021 - 18:22

It nij te foarmjen regear moat de gaswinning ôfbouwe en gjin nije fergunnings mear jaan foar nije gaswinning op it fêstelân. Dat fynt de FNP yn Provinsjale Steaten. It nije regear moat de belangen fan minsken stelle boppe de kommersjele belangen fan de mynboubedriuwen, seit de FNP.

Gaswinning fan Vermilion yn ús provinsje - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

No wurde fergunnings faak ferlinge tsjin de winsken fan de lokale befolking yn. Dat belied docht it fertrouwen yn de oerheid bot skea, foaral yn de noardlike provinsjes, seit de FNP.

It is net de earste kear dat de FNP him útsprekt tsjin gaswinning. De nijste oanlieding is de plannen fan Vermilion om de kommende 30 jier 11 miljard kúb gas út de grûn te heljen yn Tytsjerksteradiel. Dêrnjonken hat it gaswinbedriuw plannen om nije putten oan te boarjen.

Ministearje bepaalt

De winning hat gefolgen foar de boaiemdelgong yn it gebiet. Dy delgong wurdt no ynskat op in 23 sintimeter. As de gaswinning neffens plan trochgiet, kin dat oprinne oant al gau goed 30 sintimeter. De gemeenten Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel binne poer tsjin op de plannen en ha it ministearje fan Ekonomyske Saken in brief skreaun, wêryn't se oanjouwe dat se tsjin de plannen fan Vermilion binne.

De provinsje Fryslân hat ek al jierren it stânpunt dat nije gaswinning net winsklik is. Dat hat de provinsje ek útsprutsen yn in manifest. Mar úteinlik geane de gemeenten en de provinsje net oer de gaswinning, mar it Ryk. Dy beslút oft fergunning ôfjûn wurde. Gemeenten en de provinsje wurdt allinnich frege om advys.

Belofte kabinet neikomme

De FNP fynt dat dy oanpak oars moat. "De nije kabinetsformaasje is in goede gelegenheid om de belofte fan it hjoeddeiske kabinet einliks nei te kommen om gjin nije fergunnings foar nije gaswinningen op it fêstelân te ferlienen en de besteande gaswinning gau ôf te bouwen, yn stee fan te ferlingjen", seit de partij.

By de gaswinning ûnder de Waadsee by Ternaard hat de Twadde Keamer begjin maart mei in moasje wol frege om de plannen foar de gaswinning foarearst stil te setten, yn ôfwachting fan fierder ûndersyk.

'Wêrom docht Noardeast mei oan omjouwingsproses Ternaard?'

Oer de plannen foar de gaswinning by Ternaard hat de Steatefraksje fan GrienLinks noch wol fragen. "Dat de gemeente Noardeast-Fryslân mee blijft doen in het 'omgevingsproces Ternaard' vinden wij verwarrend", seit Steatelid Jochem Knol. "De gemeente lijkt te zwichten voor het geld. Hoe kan een gemeente meewerken terwijl we niet eens weten of gaswinning negatieve gevolgen heeft? Is het geld zo aantrekkelijk en zijn de natuur en ook huiseigenaren later de klos?"

Knol wol dat de provinsje derop oantrunet dat de ûndersiken nei de gaswinning by Ternaard earst klear wêze moatte. Oant dy tiid moat der gjin gaswinning komme. Wat GrienLinks oanbelanget dêrnei ek net: de partij wol hielendal gjin mynbou yn de Waadsee.

(Advertinsje)
(Advertinsje)