13 jier sel easke foar besykjen ta deaslach yn Dokkum

29 mrt 2021 - 21:49

It Iepenbier Ministearje hat moandei 13 jier sel easke tsjin in man fan 35 jier út Ferwert foar besykjen ta deaslach. Hy soe yn de nacht fan 27 april ferline jier syn 29-jierrige eks-freondinne swier mishannele ha yn Dokkum.

Justysje - Foto: Shutterstock.com

De offisier fan justysje sprekt fan in 'buitensporig gewelddadig delict'. De frou lei swier ferwûne yn de garaazje en it hûs wie yn 'e brân stutsen. Doe't de helptsjinsten kamen, rûn it bloed ûnder de garaazjedoar troch en stie de wenning fol reek. De dochter fan trije jier âld lei op bêd. De frou hie trije skedelfraktueren, en se wie yn shock doe't de plysje by har wenning oankaam.

In spoar fan bloed yn it hûs like derop te wizen dat se fan de trap oant yn de garaazje sleept waard. De frou is oerbrocht nei it sikehûs en de dokters wiene benaud dat se it net oerlibje soe. De offisier neamde it 'gruwelijk en schokkend' hoe't de frou oantroffen is.

Koarte relaasje

De fertochte en it slachtoffer ha koart in relaasje hân. De frou hie earder meldingen by de plysje dien dat de Ferwerter har stalke.

Neffens de fertochte wie dat krekt oarsom. Hy seit dat sy him stalke. De man waard dyselde nacht noch oanholden. Hy wie middenyn de nacht thúskaam, yn syn auto stie in amer mei skjinmakguod. Hy ferklearre dat er syn auto skjinmakke hie. Neffens de offisier fan justysje hat hy syn auto skjinmakke fan spoaren.

Earder dy nacht wie er neaken thúskaam en hie er in dûs naam. Dêroer hie de fertochte sein dat er nachtmerjes hie, en in burn-out. Hy hie tsjin syn frou sein dat er dy nachts net sliepe koe en dêrom bleat troch de greiden en sleatten draafd is. Syn klean binne nea weromfûn.

Gjin ûndersyk nei tarekkenberheid

De Ferwerter woe net meiwurkje oan in psychologysk ûndersyk yn it Pieter Baan Centrum (PBC). Der koene dêrom ek gjin konklúzjes lutsen wurde oer de tarekkenberheid fan de man. De offisier rekkenet de fertochte it delikt dêrom ek folslein oan. In advys oer in behanneling leit der net. "Maar ik kan me voorstellen dat de rechtbank reden ziet om tbs op te leggen", sei de offisier.

De advokaat fan de fertochte woe frijspraak. Hy sette grutte fraachtekens by it bewiis. Yn it hûs binne gjin spoaren fûn dy't nei de fertochte wize.

De rjochter docht oer fjouwer wiken útspraak yn de saak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)